Brandsma wint fierljeppen yn Gryptsjerk

Fierljepper Nard Brandsma fan Warkum hat woansdeitejûn de fierljepperij yn Gryptsjerk wûn mei in finalesprong fan hast 21 meter. Hy kaam oant 20 meter en 91 sintimeter. Sa fier hat dit seizoen noch net ien Fries sprongen.
By de froulju gie de titel nei Marrit van der Wal fan It Heidenskip. Se sprong 15 meter 65. Freark Kramer fan It Heidenskip sprong by de junioaren in persoanlik rekôr: 19:49 meter. Hie Kramer by de senioaren sprongen, dan hie dy ôfstân goed west foar in twadde plak.
By de jonges wie it it spannendst. De nûmers ien en twa, Wietse Nauta en Jarich Wijnstra, ljepten likernôch likefier. It skeelde mar in sintimeter, yn it foardiel fan Nauta.
Yn de oergongsklasse sprong Daan de Vries it fierst: 17:10 meter.